Kalm tijdens de storm: Grutte trienen
grutte triennen
ik sit wer yn ’e auto
de rein slacht op it rút
doar it net te sizzen
mar toch moat it der út
do wiest myn grutte leafde
mar keast wol foar in oar
do lietst my wol moai sitte
ik tink dat ik dy smoar
oe grutte drippen op it rút
tegearre mei myn triennen
o ik jank it der wol út
do sitst hjir no wol neist my
mar prate wolst net mear
ik kin dy wol fergrieme
wêrom dochsto my sa sear
it stjoer hast in ’e hannen
do bist altyd de baas
do rydst dyn eigen rûte
hoe hurd of ik ek raas
<< Homepage